Dakota | ||
algemien | ||
eigen namme | Dakhótiyapi / Dakȟótiyapi | |
lânseigen yn | Feriene Steaten Kanada | |
tal sprekkers | 21.000 (2010) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Westsûaansk ● Mississippydellingsk ● Dakotaansk ● Sû ● Dakota | |
dialekten | Eastlik Dakota, Westlik Dakota | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
● Kanada ● Manitoba | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | dak | |
ISO 639-3 | dak |
It Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakhótiyapi of Dakȟótiyapi) is de lânseigen taal fan 'e Dakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika en it beëasten dêrfan leine bosklân, dy't tegearre mei it Lakota it gruttere Sû-taalkontinuum foarmet. It Dakota wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e Feriene Steaten en it middensuden fan Kanada, mar it hat nearne offisjele status, en genietet inkeld yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba erkenning as minderheidstaal. Der binne noch likernôch 21.000 sprekkers, wat it ta ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan Noard-Amearika makket.